Sjeherazade
| Sjeherazade | ||
| Sjeherazade op in njoggentjinde-iuwsk skilderij fan Sophie Anderson. | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| sekse | froulik | |
| soarte personaazje | keninginne | |
| nasjonaliteit | Perzysk | |
| oare ynformaasje | ||
| ûntstean | < 9e iuw | |
Sjeherazade (Arabysk: شيرازاد; sekuere transliteraasje: Šīrāzād, útspr. as "sjii-raa-zaad") is in personaazje út 'e Ferhalen fan Tûzen en Ien Nacht. Hja is de haadpersoan út it ramtferhaal, dejinge dy't alle oare ferhalen fertelt.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de moderne letterkunde is de namme Sjeherazade ôflaat fan it Midperzyske Čīhrāzād (útspr. "tsjii-hraa-zaad"). Dat is opboud út 'e wurden čīhr, dat "ôfstamming" betsjut, en āzād, dat "nommel" of "ferheft" betsjut. Mei-inoar hat de namme dus as betsjutting: "nommele ôfstamming". De ierste teksten dêr't de namme yn foarkomt, binne Arabysktalich. Dêryn nimt de namme de foarm شيرازاد oan (transliteraasje: Šīrāzād, útspr. as "sjii-raa-zaad"). Yn 'e Ensyklopedy fan 'e Islaam (2012) komt de namme foar as Šarhrazād, en yn 'e Encyclopædia Iranica (2011) as Šahrāzād. Yn it Dútsk waard de namme yn in achttjinde-iuwske oersetting fan 'e Ferhalen fan Tûzen en Ien Nacht germanisearre as Scheherazade, en dêr binne neitiid frijwol alle Westerske nammefoarmen op basearre, lykas it Frânske Shéhérazade en it Nederlânsk en Fryske Sjeherazade.

Yntroduksje en ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldst bekende tekst mei it ferhaal fan Sjeherazade is in Arabysktalich hanskrift út 'e njoggende iuw út Kaïro. De yntroduksje fan it personaazje moat dêrom yn 'e Iere Midsiuwen socht wurde. Yn 'e folgjende fiif iuwen waard har ferhaal oernommen troch ferhalefertellers út 'e hiele Arabyske wrâld, fan Bagdad oant Andalûsje. Trochdat it net optekene wie, mar mûnling oerlevere waard, krongen boppedat Grykske, Koptyske, Joadske en Berberske ynfloeden it ferhaal binnen. Tsjin 'e tolfde iuw wiene de Ferhalen fan Tûzen en Ien Nacht ta stân kommen yn in foarm dy't hjoed oan 'e dei as sadanich weromkend wurde soe, mei it ferhaal fan Sjeherazade as ramtferhaal.
Ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er earder as ferwachte weromkomt fan in jachtpartij treft de Perzyske kening Sjachrjar syn oarehelte, fan wa't er gâns hâldt, op bêd oan by it bedriuwen fan oerhoer mei ferskate tsjinners. Befongen troch razernij ûnthalzet er harren fuortendaliks eigenhandich. Sjachrjar rekket dêrnei alhiel desyllúzjonearre en wrokket tsjin alle froulju. Hy trout neitiid eltse dei mei in famke dat noch gjin omgong mei in man hân hat, en om foar te kommen dat er ea noch wer troch in frou bedragen wurde kin, lit er it fanke eltse kear terjochtstelle nei't er ien nacht mei har trochbrocht hat.
Nei't er tûzen jonge froulju troud en deadien hat, begjint it foar syn grutfizier, dy't de kening eltse dei fan in nije houlikspartner foarsjen moat, dreech te wurden om noch nije fammen te finen. Syn eigen dochter Sjeherazade fynt dat der ein komme moat oan dizze barbarij en biedt harsels oan om mei Sjachrjar te trouwen. Nettsjinsteande har heite krewearjen om dat tsjin te kearen, set sy har sin troch. As er mei har trout, komt de kening yn 'e kunde mei in frou sa't er noch nea met hat. Sjeherazade hat de âlde literatuer fan alle grutte beskavings lêzen en filosofy, de skiene keunsten en de wittenskippen bestudearre. Hja is wiis en hat gefoel foar humor en is belêzen en redenryk.

Op 'e jûn fan har troudei wurdt Sjeherazade nei de keamers fan 'e kening brocht. Dêre freget se Sjachrjar oft se ôfskie nimme mei fan har jongere suster Dûnjazade, dy't yn 't foar temûk opdracht krigen hat om Sjeherazade te smeken har noch ien kear in ferhaal te fertellen. De kening kin har dat mei goed fatsoen net ûntsizze; it giet hjir ommers om 'e dochters fan syn eigen grutfizier. Dat Sjeherazade begjint har suster in ferhaal te fertellen wêrby't de kening fan needs ek tahearder wêze moat. Hy harket der mei groeiend ûntsach nei en wannear't de nacht op in stuit safierhinne foardere is dat Sjeherazade har ferhaal healwei ôfbrekke moat, beslút Sjachrjar har in dei útstel fan eksekúsje te jaan, om't er hearre wol hoe't it ferhaal ôfrint.
De oare jûns ferfettet Sjeherazade har ferhaal en fertelt se de ôfrin, wêrnei't sy en de kening seksuele omgong hawwe. Mar neitiid begjint se oan in nij ferhaal, dat se net út kriget foar't de nije dei begjint. De kening wol op 'e nij de ôfrin fan it ferhaal hearre en sparret har in twadde dei. Dy jûns fertelt Sjeherazade har ferhaal út, mar dyselde nachts begjint se wer oan in nij ferhaal, sadat de kening har jit in dei yn libben hâlde moat. Sa giet it dei oan dei troch, en nei tûzen ferhalen, dy't se oer de doer fan tûzen-en-ien nachten ferteld hat, seit Sjeherazade einlings en te'n lêsten tsjin Sjachrjar dat se gjin nije ferhalen mear wit. Mar tsjin dy tiid is Sjachrjar fereale op har rekke. Hy beslút har libben foargoed te sparjen en makket har ta syn keninginne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
