RSS Amplifier

Blog

Konsenylje

Rym en ûnrym

konsenylje.nlSource feed ↗10 posts

Live Last read · last published · next check

Written by

Latest posts

Ingeborg Bachmann, De grutte fracht

De grutte fracht De grutte fracht fol simmer is ferladen, it sinneskip leit yn de haven klear, as lâns dyn rêch de kobbe kritend skeart. De grutte fracht fol simmer is ferladen. It sinneskip leit yn de haven klear, … Fierder lêze →

Ingeborg Bachmann, Oan de sinne

Oan de sinne Moaier as de opmerklike moanne en har adele ljocht, Moaier as de stjerren, de ferneamde earetekens fan de nacht, Folle moaier as de fjurrige ferskining fan in komeet En ta hiel wat moaiers roppen as alle … Fierder lêze →

Ingeborg Bachmann, Streaming

Streaming Sa fier yn ’t libben en de dea sa hein dat ik der mei gjinien oer tsiere kin, ûntskuor ik oan de ierde no myn diel; de stille oseaan stjit ik de griene pin dwers troch it hert, … Fierder lêze →

Ingeborg Bachmann, Ferfrjemding

Ferfrjemding Yn de beammen kin ik gjin beammen mear sjen. De tûken hawwe net de blêden dy’t se yn de wyn hâlde. De fruchten binne swiet, mar sûnder leafde. Se sêdzje net iens. Hoe no fierder? Foar myn eagen … Fierder lêze →

Poste restante XLVIII

‘GROETEN | uit | Warga.’ (m.), ±1907–1908. Fantasykaart, mearkleuredruk, 90×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel Wergea 05-07-1909. Ferstjoerd oan Janke Bron, ‘in het Armhuis’, Oerterp, troch Arend Melle Bron, Wergea. Wêrom stjoerde Arend Melle Bron syn mem út … Fierder lêze →

Franz Kafka, De nije abbekaat

De nije abbekaat Wy hawwe in nije abbekaat, mr. Bûsefalus. Der is yn syn foarkommen mar in bytsje dat tinken docht oan de tiid dat er noch it striidhoars fan Aleksander fan Masedoanje wie. Wa’t lykwols mei de omstannichheden … Fierder lêze →

Franz Kafka, In keizerlik boadskip

In keizerlik boadskip De keizer – sa wurdt sein – hat oan dy, de ienling, de jammerdearlike ûnderdien, de minuskule foar de keizerlike sinne nei de fierste fierte flechte skym, krekt oan dy hat de keizer fan syn stjerbêd ôf … Fierder lêze →

Franz Kafka, Op de galerij

Op de galerij As dizze of jinge skriele, tuberkuleuze keunstrydster yn de maneezje op in strampelich hynder foar in net wurch te krijen publyk troch in swypslaande, ûnmeilydsume sjef moannenlang sûnder ûnderbrekking yn de piste yn it rûn dreaun wurde soe, … Fierder lêze →

Franz Kafka, Earste leed

Earste leed In trapeze-artyst – lykas bekend is dy heech yn de nok fan grutte fariëtee-poadiums útoefene keunst ien fan de dreechste fan alle foar minsken berikbere keunsten – hie syn libben, yn ’t earstoan inkeld út syn stribjen nei perfeksjonearring, … Fierder lêze →

Else Lasker-Schüler, Oan Giselhear de tiger

Oan Giselhear de tiger Oer dyn gesicht slûpe jungles. O wat biste moai! Dyn tigereagen binne leaflik wurden Yn de sinne. Ik tôgje dy hieltyd mei Tusken myn tosken. Do myn yndianeboek, Wyldwest, Siouxopperhaad! Yn de skimer smachtsje ik … Fierder lêze →