Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Se wie in famke fan 11 doe't ynienen de koffers pakt waarden en Ljouwerter (eks) riedslid Mirka Antolovic op de flecht moasten. Se wenne mei har mem yn Kroaasje yn in lyts doarp. Fia omswalkingen kaam de jonge Mirka mei har mem earst yn Limburg telâne. Foar har stúdzje ferhuze se nei Ljouwert en bleaun hjir. Want ien dy't samar fuort moat út eigen omjouwing wurdt letter faak honkfêst seit se. It…
Wat libbet der ûnder de minsken yn Fryslân? It Buro fernimt dêr sa no en dan nei troch op ferskate plakken de dyk op te gean. Dit kear stekke we de themometer yn Surhústerfean, Bakkefean en It Hearrenfean om te fernimmen wat har út de sliep hâldt .....
De heit fan Wybren van Os wie jierren lang praktysk wurklieder en behearder by de Folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean. Hy wenne ek mei syn húshâlding op it terrein. Soan Wybren van Os (1955) nimt it Buro mei op 'n paad oer it terrein en fertelt it ferhaal fan Omke Jarig en wat der efter wei kaam...
Wa bin ik noch? Wa sit der noch op my te wachtsjen? En is der eins wol plak foar my yn dizze wrâld? It wiene de grutte fragen fan âld paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis út Oerterp. Se hat swiere jierren hân dêr't depresje en swarte dagen har libben behearsken. Nei in suksesfolle karriere mei in bulte wrâldtitels en Olympysk goud kaam se fan de ien dei op de oare thús te sitten. Har ferhaal oer…
Op 26 april 1986 fynt de grutste kearnramp yn ús skiednis plak. Der is in eksploazje yn de kearnsintrale yn it doe noch Russyske Tsjernobyl. Der brekt brân út en in grutte radio-aktive wolk komt frij, dy't oer in grut part fan Europa hinne lûkt. Ek yn Fryslân fiele we de gefolgen fan dy ramp. It Buro sjocht werom op de ramp by Tsjernobyl mei in strielingsdeskundige, in fotograaf en in pleechgesin…
Op 10 april 2001 wie it ek yn Fryslân safier: op in bedriuw yn Ie waard tongblier konstatearre en in dei letter barde itselde op in bedriuw yn Eanjum. Tongblier is in tige besmettelike sykte foar kij, skiep, hynders, bargen en geiten. Tûzenden kij binne doe dea makke om fersprieding fan it firus foar te kommen. Douwe Boersma wie doe sjoernalist hjir by de Omrop en wenne yn it troffen gebiet. Hy is…
Wer't foar in soad minsken Peaske bestiet út it sjen nei the Passion, it iten fan sûkelarje-aaikes, it skilderjen fan hinneaaien en it meiïnoar genietsjen fan in peaske-brunch, is dat foar de kleasterlingen op Nijkleaster hiel oars. Nijkleaster is in - sa't inisjatyfnimmer Hinne Wagenaar it omskriuwt - nij monastyk projekt, werby't besocht wurdt om op in moderne wize de âlde wiisheid fan it…
Fan wa bisto der ien? Dy fraach is de kearn fan genealogysk ûndersyk. Wa binne dyn foarâlden? Buro de Vries praat mei Johan Wagenaar, eigener fan histoarysk ûndersyksburo 'It Alders Erf", oer syn leafde foar stambeamûndersyk. En dûkt mei him it ferline yn.
'SAVE' stiet foar Stories of the Archipelago of Villages in Europe. Yn dit Europeeske projekt wurde ferhalen út fjouwer hiel ferskillende Europeeske doarpen sammele. It giet om de doarpen Jadagoniai yn Litouwen, Praputnjak yn Kroatië en Hopovo yn Servië. En it fjirde doarp is in doarp yn Fryslân: Blauhûs. Sjoerd Litjens en Sippy Tigchelaar ha mei 30 ynwenners praten, dy ferhalen opnommen en…